Ik seach in filmke.

Sa begjinne tsjintwurdich wol mear dingen. Do sjochst efkes, bliuwst hingjen en foarst it witst stiet der ien gospel te sjongen.

All my life You have been faithful.

En dêr bart wat.

Ik kin net goed útlizze wat. It is gjin pikefel, al krij ik dat wol. It is ek net gewoan ûntroering. Dêr is it te grut foar. Benammen as it goed songen wurdt. Net needsaaklik perfekt, mar troch ien dy't dy leauwe lit dat dy wurden earne wei komme.

Ut in libben.

Miskien is gospel wol in soarte fan antiblues.

Net omdat gospel it fertriet ûntkent. Neffens my krekt net. Gospel en blues komme út deselde grûn. Se kenne beide ferlies, langstme, pine en dagen dat it libben amper reden jout om te sjongen.

Allinnich docht gospel wat wûnderliks.

De blues seit:
dit is my oerkommen.

Gospel seit:
dit is my oerkommen, en ik sjong noch altyd.

I will sing of the goodness of God.

Dat dus.

Net omdat alles goed wie.
Net omdat alles goed kaam.
Net omdatst oeral in antwurd op hast.

Do sjongst omdatst weromsjochst en earne, tusken alles wat foarbygien is, wat ûntdekst dat bleaun is.

Neam it God.
Neam it trou.
Neam it leafde.

Miskien hoechst it net iens te neamen.

Guon dingen binne grutter as de wurden dy't wy derfoar betocht hawwe.

Dêrom sjonge wy se.