Nimmen wist krekt wêr't de Achtpoat wenne.
Guon seine ûnder de trep fan de Toer dy't Sammelet. Oaren bewearden dat er efter it tredde boek fan lofts wenne, al koe nimmen fertelle hokker tredde boek se bedoelden.
Mar alle hjersten ferskynde er.
Hierrich. Achtpoatich. En opfallend fêstberet.
‘Wêr giest hinne?’ frege Kwartsoog doe't er him op in moarn de wei oerstekken seach.
‘Nei har.’
‘Wa is sy?’
‘Gjin idee.’
Kwartsoog seach him oan.
‘Wit sy datst komst?’
‘Wierskynlik net.’
‘En ast har fynst?’
De Achtpoat wie efkes stil.
‘Dan kin se my opite.’
Kwartsoog knikte stadich. Yn Sursirai hie er ûnderwilens leard net te gau troch te freegjen.
‘En dochs giest?’
‘Fansels.’
‘Wêrom?’
De Achtpoat seach nei de lange wei foar him.
‘Men moat wat oer hawwe foar syn gerak.’
En dêr gie er.
Acht poaten tagelyk, as wie twifel in lúkse foar bisten mei minder skonken.
Dy jûns skreau Sai syn ferhaal op en lei it yn de Toer dy't Sammelet.
Net ûnder Leafde.
Net ûnder Dea.
Mar ûnder Kos.
Want soms is it ferskil tusken moed en folsleine idioaterij mar ien wyfke-spin.
