Guon auto's ferjitst sa gau ast de kaai ynlevere hast. Oaren ride in libben lang mei dy mei.

Ik mis myn DAF 46 Super Luxe út 1974 noch altyd. Net om't er geweldich ried, want dat die er earlik sein net. Hy wie stadich, makke syn eigen karakteristike lûd en de Variomatic die krekt wêr't er sels sin oan hie. Nee, ik mis him om syn sjarme. Om syn ferhaal.

Ik kocht him foar fiifhûndert gûne. Noch gjin wike letter ried ik mei trije klasgenoaten nei Aeolus yn Seisbierrum foar in skoalprojekt. Op 'e weromreis begûn de motor hieltyd minder te rinnen. Mei in protte muoite helle ik Drogeham noch.

Foeke seach ien kear ûnder de motorkap. “De motor is ferstoarn.”

De oare moarns sieten wy oan 'e kofje yn 'e âlde karavan dy't as skoftkeet tsjinne by syn autoskea-bedriuw. Auke harke nei it ferhaal, naam in slok kofje en sei hiel kalm: “Ik wit noch wol sa'n DAF te stean.”

Yn Kollumersweach stie njonken in lyts hûske yndied in DAF 46. In âld mantsje kaam nei bûten, in echte Wâldpyk. “Foar fyftich gûne meist 'm meinimme.”

Auke seach my oan. “Hast in sleepkabel?”

Efkes letter siet ik mei triljende hannen efter it stjoer fan 'e sleepte DAF. Remje wie net krekt it sterkste punt fan in DAF oan in kabel. Doe't wy it hiem yn Drogeham op draaiden, sei Foeke: “Fan 'e jûn mar efkes sleutelje.”

Om sân oere begûnen wy. Motorkappen derôf. De foarste dwersbalke derút. Fan beide auto's de motor los. In oere letter hong de donormotor, mei mar 34.000 kilometer op 'e teller, al yn myn eigen DAF.

“Draai de kaai mar om.”

Hoppa. Hy rûn fuortendaliks.

Mar it projekt wie noch lang net klear. Yn myn frije tiid begûn it echte wurk. Ik laste sels in pear rotte plakjes yn 'e boaiem ticht. Dat gie ferrassend goed, oant ik op in jûn omheech seach en tocht: Wêrom stiet de DAF fol reek?

De flierbeklaaiïng stie yn 'e brân. Net in bytsje. Gewoan fuort.

Earst kaam panyk. Dêrnei ferromming. Der stie ommers noch in donor-DAF efter op it hiem. De orizjinele reade flierbeklaaiïng ferhuze nei myn auto en letter seach gjinien mear dat der ea brân west hie.

Dêrnei begûn it einleaze skuorjen. Plamuerje. Wer skuorje. Nochris plamuerje. En hûndert kear flokke om't neat hielendal rjocht like.

Foeke sei op in jûn: “Gewoan read spuitsje kin. Mar ik wit wat betters.” Ford hie op 'e Sierra in prachtige reade parelmoerlak. Dy moast it wurde.

Doe't de DAF einliks yn 'e spuitkabine mocht, plakte ik him ôf as hong myn libben derfan ôf. Foeke luts syn wite overall oan, gie de kabine yn en die de doar ticht. Troch it lytse rútsje seach ik net mear as wat readachtichs.

Nei hast in oere gie de doar iepen. Foeke kaam nei bûten mei dy selsfoldiene grûns dy't ik noch foar my sjoch.

“En?”

“Ja... is klear. Is knap slagge.”

De oare moarns hellen wy foarsichtich al it papier fan 'e auto. Heit en Mem kamen achterom om te sjen. Doe mocht de DAF foar it earst nei bûten.

De sinne rekke de motorkap. Elkenien wie stil.

It read feroare op 'e rûne spatborden stadich yn oranje, om dêrnei in pearse gloede te krijen. De parelmoerlak libbe.

Heit rûn in rûntsje om 'e auto, seach nochris goed en sei: “No... dat is knap slagge.”

Doe seach ik pas wat Foeke de jûns dêrfoar al wist. Net allinnich de lak wie prachtich. Der siet gjin deukje of kraske mear yn. Alles wat ik skuorre, plamuere en taret hie, kaam ynienen byinoar.

Ik tink dat Foeke grutsk wie op himsels. Mar stikem ek in bytsje op my.

En doe barde der wat dat ik pas jierren letter echt begrepen haw. Dy DAF waard net allinnich myn moaiste auto. Hy waard it begjin fan myn libben mei Cynthia.

Hjoed is it presys 34 jier lyn dat ik har meinam nei de bioskoop. Wy giene nei Basic Instinct. Hoe komst derby.

Nei ôfrin stiene wy by de DAF. Ik lei tsjin 'e motorkap. En dêr joech ik Cynthia ús earste tút.

Sân jier letter trouden wy. Hjoed binne wy 27 jier troud.

Miskien is dat wêrom't ik dy DAF noch altyd mis. Net om't er goed ried. Net om't er bysûnder weardefol wie. Mar om't er tsjûge wie fan it begjin fan in libben dat folle moaier waard as ik doe dreame koe.

Guon auto's bringe dy fan A nei B.

Myn DAF brocht my by Cynthia.