Fan 'e moarn krige ik myn nije earen.
Dat klinkt dramatysker as it wie. Sieds sette twa ferrassend lytse Phonak Naída's efter myn earen, klikte wat op syn kompjûter en seach dêrnei nei my mei de blik fan in man dy't sa krekt persoanlik it hearren útfûn hie.
Ik hie gruttere apparaten ferwachte. Super Power hjit dat ommers. Dan ferwachtest wat dêr't op syn minst in oanhinger en in krêftstreamoansluting foar nedich binne. Mar se binne sels lytser as myn âlde Oticon Xceeds.
En noflik.
Fertocht noflik sels.
Doe kaam de spraaktest. Ek goed. Noch in bytsje winst mooglik by de sêfte hege toanen, mar fierder ferstie ik him poerbêst. Dat lêste is by in audicien fansels handich; oars bliuwt sa'n petear dochs wat iensidich.
Dêrnei it lûd omheech.
Noch wat fierder.
Noch fierder.
Gjin fluitsjen.
Sieds waard sichtber bliid. Ik trouwens ek. De earstikjes slute blykber sa goed ôf dat der hast oer de hiele folumebreedte noch romte is foardat de boel beslút him as in kanarje te gedragen.
Bluetooth besocht. Prima. Tillefoan streekrjocht yn myn earen. Ek prima.
En doe ûntduts ik dat ik yn de Phonak-app sels oan in equalizer prutse kin.
Ik haw him net oanrekke.
Sjoch, dát hjit libbensûnderfining.
Oer fjouwer wiken is de kontrôle. Oant dy tiid moatte se har bewize tusken minsken, masines, hûnen, muzyk, wyn en alles wat de wrâld fierder needsaaklik fynt om lûd by te meitsjen.
By it ôfskie drukte Sieds my ek noch in doaske Rayovac-batterijen yn 'e hannen.
Nije earen, treflik spraakferstean, gjin feedback, goede Bluetooth en in doaske batterijen op 'e keap ta.
Ik wit allinnich noch altyd net wa't der fan 'e moarn bliider seach.
Sieds of ik. 😄
