Op de earste tongersdei fan septimber bart der wat nuvers yn Sint Nyk.
Om tsien oere moarns ferdwynt de tiid.
Net hielendal fansels. De klok op de telefoan tikket gewoan troch en earne sil grif immen op syn horloazje sjen. Mar yn de strjitten fan it doarp jilde ynienen oare regels.
Dêr komt Hannibal foarby.
Net yn in skiednisboek en ek net yn in film. Gewoan troch de strjitte, op in ûnbidige oaljefant, mei Romeinen deromhinne. Jurre stiet dertusken, mei helm, harnas en pearse mantel. Foar in pear minuten is er gjin jonge út Sint Nyk mear. Hy heart by in ferhaal fan mear as twatûzen jier lyn.
Even letter feroaret de strjitte wer.
Der ferskynt in âlde telefoansintrale. Cowboys lûke foarby. In stoomtrein komt deroan. Katoen, muzyk en blues fertelle in ferhaal út in oar ferline. Minsken dy’t in pear oeren lyn noch gewoan by de bakker of oan de keukentafel sieten, binne feroare yn soldaten, arbeiders, muzikanten en frjemde figueren út wrâlden dy’t net mear besteane.
Dit jier foel it my ynienen op hoefolle weinen harren ferhaal út de skiednis hellen.
Faaks lient in allegoaryske optocht him dêr ek by útstek foar. Do hoechst it ferline net krekt nei te bouwen. Do meist dermei boartsje. It útfergrutsje. Der muzyk ûnder sette. Minsken sminke, ljocht tafoegje, reek troch de strjitte lûke litte en der in ferhaal fan meitsje.
Fjirtjin musicals foar de priis fan ien.
By de KPJ koest sjen hoe fier oftst dêrmei gean kinst. Om fjouwer oere moarns wie Lize al mei de smink úteinset. Alle jierren komt se dêrfoar út De Knipe. Oeren foardat wy oan de kant steane, begjint efter de skermen it feroarjen fan gewoane minsken yn personaazjes. As de groep úteinlik troch de strjitte lûkt, kloppet alles. Klean, gesichten, beweging, kleur.
Dat is it wûnderlike.
Wy sjogge in pear minuten.
Dêrachter sitte moannen fan bouwen, lassen, skilderjen, naaien, oefenjen, oerlizzen en nei alle gedachten ek in flinke hoemannichte kofje en flokken. Op de moarn sels komme dêr de grimeurs, muzikanten, begelieders en al dy oare minsken by dy’t derfoar soargje dat de yllúzje folslein wurdt.
En dan rydt Maeykehiem ek foarby.
Dêr rint Maaike. Se sjocht my en komt op my ta.
“Giesto jûn ek mei?”
Fansels.
“App my mar.”
Jierrenlang rûn ik mei harren mei en holp ik by de begelieding. Jûn sit ik nei alle gedachten yn it treintsje. En krekt út sa’n optocht wei sjochst eat datst fan de stoepe ôf maklik mist.
De minsken oan de kant.
Do sjochst net langer nei de optocht. Do sjochst út de optocht wei werom nei it doarp.
Nei bern dy’t wize. Minsken dy’t swaaie. Bekenden dy’t inoar roppe. Alderen op stuollen foar it hûs. Gesichten dy’t opljochtsje as se immen werkenne. Dan sjochst wat al dy bouwers eins makke hawwe.
Gjin wein.
Gjin dekôr.
Sels gjin wedstriid.
Se hawwe in pear oeren makke wêryn't in hiel doarp ree is om mei-inoar yn eat te leauwen.
Jûn giet de tiidmasine noch ien kear oan. Dan wurdt it tsjuster en komme ljocht, muzyk en reek derby. De huzen ferdwine in bytsje nei de eftergrûn. De technyk wurdt minder sichtber. En miskien rydt Hannibal dan net mear op in wein troch Sint Nyk.
Miskien rydt Hannibal dan gewoan troch Sint Nyk.
Moarnier is alles wer gewoan.
De strjitten binne leech. De Romeinen binne nei hûs. De cowboys ek. De oaljefant stiet earne yn in loads en elkenien moat gewoan wer oan it wurk.
Mar hjoed noch efkes net.
Hjoed bestiet de tiidmasine.
En hiel Sint Nyk mei mei.