Der wie ris in kies dy't fûn dat ien woartel foar amateurs wie.
Twa wie aardich. Trije begûn earne op te lykjen. Mar dizze hie der fjouwer. In soarte fan logistyk knooppunt rjochtsûnder yn 'e mûle, sekuer oanlein op in plak dêr't nimmen der ea om frege hie.
En as wie dat noch net genôch, hie er besletten himsels fan binnenút te ferbouwen. In flink gat, hielendal oant de woartelsplitsing, mei om de woartels hinne in ûntstekking dy't ûnderwilens blykber ek fûn dat se dêr wenne.
De toskedokter seach.
Doe nochris.
Hy makke in foto.
En doe barde der wat seldsums.
De toskedokter hie gjin kies.
“Dy moat derút.”
Dat wie op himsels oersichtlik. Arie wie it dêr sels folslein mei iens. In kies dy't him op dizze skaal tsjin syn eigener keart, ferspilet úteinlik gewoan syn ferbliuwsfergunning.
Allinnich seach de toskedokter nei dy fjouwer woartels en besleat dat dit in moai momint wie om de grinzen fan syn fakmanskip te respektearjen.
“Kaaksjirurch.”
En sa kaam it dat de toskedokter gjin kies hie, de kies fjouwer woartels hie en Arie gjin kar.
Moandei wurdt Joure belle.
Oant dy tiid hâlde ibuprofen, paracetamol en amoxicilline de wacht, wylst de fertochte him noch ien wykein ferskânzet yn syn bunker mei fjouwer woartels.
Mar syn dagen binne teld.
Want sels in Master fan Kos moat soms akseptearje dat it universum beslist.
Sûnder te kiezen. 😇
