Justerjûn hie ik in idee.

Dat bart wol faker en meastal is it ferstannich om dan gewoan de hûnen út te litten. Dizze kear die ik dat net.

Ik woe wat meitsje foar de relatyf lytse ûndernimmer. Net nóg sa’n enoarm ERP-systeem dêr’tst earst in kursus foar folgje moatst om in artikel oan te meitsjen. Gewoan wat wêrmei’tst witst watst hast, watst nedich hast, watst meitsje moatst en watst leverje kinst.

Dus begûn ik mei in artikel.

In aluminiumbuis, leau ik.

Dêr kaam in lampmodule by. En in foet. In stiklist. Doe bliek dy lampmodule fansels sels ek wer út ûnderdielen te bestean.

Foar’tst it witst hast healfabrikaten.

Doe kaam de foarried derby. Want it is moai datst witst wêr’t wat út bestiet, mar do wolst ek witte oftst it hast. En wêr’t it leit.

Doe kaam der in ferkeaporder.

Foar Hajo.

Dat hie ik miskien net dwaan moatten, want Hajo bestelde fuortendaliks tsien HENDRIKs.

HENDRIK wie ûnderwilens nammentlik ek ûntstien. In bûtenlampe foar neist de foardoar. €695. Strak ding, al sis ik it sels. Mei presys ien blau detail, om’t sels in Flaamske gaai him behearskje kin.

En doe woe ik fansels witte oft wy dy tsien HENDRIKs überhaupt meitsje koene.

Dus kaam it materiaalferlet derby.

En earne tusken in aluminiumbuis en tsien bûtenlampen begûn it fertocht folle op in echt systeem te lykjen.

GWOD.

Gjin idee wêr’t dat presys einiget. Wol wêr’t it foar bedoeld is.

Foar de meubelmakker dy’t tafels en kasten meitsje wol en syn jûn net oan administraasje besteegje wol. Foar it lytse produksjebedriuw dêr’t Excel, briefkes en de holle fan de eigner jierrenlang poerbêst wurke hawwe, oant it nét wat te yngewikkeld waard.

Multiuser. Útwreidber. Betelber.

Net minder kinne, mar minder gedoch om dwaan te kinnen wat nedich is.

Foar de demo hawwe wy ûnderwilens sels in folslein fiktyf bedriuw betocht.

Dat bedriuw hjit LAMP.

LAMP makket lampen.

Wy hawwe ek alfêst oer de helpdesk neitocht:

“Sit de stekker deryn?”
“Ja.”
“Knopke om?”
“Ja.”
“Ljocht?”
“Nee.”
“Dan is er stikken.”

Klear.

Miskien is dat úteinlik ek wol de gedachte efter GWOD. Efter de skermen mei wat bêst yngewikkeld wêze. Oan de foarkant hoecht de brûker dêr gjin lêst fan te hawwen.

Gjin software om de software.

Gewoan soargje dat it wurket.

Gwoan GWOD.