Nei moannen fan ûnwissichheid krige de takomst hjoed ynienen wer fêste grûn ûnder de fuotten.

In jierkontrakt. Fjouwer dagen wurkje. Fertrouwen.

Hjoed waard ik bliid.

En as woe it libben my noch efkes pleagje, hearde ik wat dat myn gedachten daliks wer op reis stjoerde.

In mooglikheid. Mear net.

Mar yn myn holle wie ik alwer trije stappen fierder. Ik seach mysels fytse, kuierje, thúskomme op in plak dêr’t ik noch net wenje.

It wie allegearre al regele.

Yn myn holle dan.

De werklikheid hie der noch lang net oeral foar tekene.

Ik moast derom laitsje.

Wat is it dochs bysûnder datst lokkich wurde kinst fan eat dat miskien nea bart.

En eins docht dat der net iens safolle ta.

Want hjoed waard ik bliid.

En dát is wol bard.