Guon grappen binne sa âld dat nimmen mear wit wa't se ea betocht hat. Se bliuwe gewoan rûnsjongen, krekt as in goed kampfjoerliet. Dizze hearde ik koartlyn:

“God beloofde de manlju dat der yn eltse hoeke fan de wrâld in leuke frou te finen wêze soe. En doe makke Hy de wrâld rûn.”

Do sjochst it tafriel fuort foar dy. Earst in prachtige belofte. De manlju sjogge inoar ferwachtingsfol oan. “Yn éltse hoeke?” Dat klinkt oersichtlik. Fjouwer hoeken, miskien acht ast in bytsje kreatyf bist. Dat moat slagje.

En dan… komt de ierde.

Gjin hoeken. Allinnich mar rûn. Do kinst sykje oantst in ûns weachst. Eltse kear ast tinkst: “Nei dizze bocht bin ik der,” blykt der gewoan nóch in bocht te wêzen.

Miskien is dat ek wol de sjarme fan it libben. De moaiste dingen lizze komselden kreas op in krusing mei in buordsje erboppe. Se ferskine wylst do ûnderweis bist. Soms by it tankjen, soms op in festival, soms yn de supermerk, en soms blike se al mear as tritich jier neist dy op de bank te sitten.

En foar de froulju dy't dit lêze: foar jim jildt fansels krekt itselde. Ek jim krigen gjin wrâld mei hoeken kado.

Gelokkich mar.

In wrâld sûnder hoeken is miskien wat dreger, mar wol folle moaier om tegearre troch te reizgjen. 😊