Justerjûn siet ik by Boer Bart. Mei in man as tweintich sieten wy yn in iepen rûnte. Net om inoar te oertsjûgjen. Net om gelyk te krijen. Gewoan om te praten oer it leauwe. Oer wat God yn dyn libben betsjut. Of soms krekt oer it sykjen dêrnei.
Dat bliek ferrassend ienfâldich. Sadree’t foaroardielen bûten de doar bliuwe, ûntstiet der romte. Romte foar fragen, foar twifel, foar hope. Foar ferhalen dy’tst net samar oan elkenien fertelst.
Der waard lake, der foel stilte. Der wiene ûntboezemingen dy’t kwetsber wiene en krekt dêrtroch krêftich. Emoasjes hoegden net oplost te wurden; se mochten der gewoan wêze. Nimmen hie in pasklear antwurd foar de oar, en miskien wie dat wol krekt de bedoeling.
Ik gie net nei hûs mei in rychje nije wissichheden. Wol mei moaie ynsjoggen. Mei it besef dat leauwe soms minder giet oer witten en mear oer doare te dielen. Oer harkje sûnder it antwurd al klear te hawwen.
It wie sa’n jûn wêrop’tst fernimst dat echte petearen noch altyd besteane. Dat minsken, as se har feilich fiele, folle mear mienskiplik hawwe as datst op it earste gesicht tinke soest.
Tank oan Boer Bart en elkenien dy’t syn of har ferhaal doare te fertellen. Sokke jûnen jouwe net allinnich stof ta neitinken, mar ek fertrouwen dat iepenheid noch altyd in plak hat.
