Freedtemiddei yn in boekemagazyn.

In pear dagen earder stiene der noch lege stellingen, karren, pallets en foaral hiel folle boeken dy't earne wei kamen en earne oars wer telâne komme moasten.

No stie alles.

Net sa likernôch.
Net hast klear.
Gewoan: klear.

Sels The Talented Mr Ripley hie syn nije adres fûn. As hie er nea earne oars lein.

Healwei de dei kaam in kollega lâns. Hy seach om him hinne. Nei de stellingen. Nei de boeken. Nei Arie, dy't blykber noch altyd net begrepen hie dat in ferhuzing ek bêst wat langer duorje mocht.

Hy skodde de holle.

“Arie, you make us look bad.”

Dat wie in komplimint.

Wierskynlik.

Letter dy middei holp Arie him noch even.

De kollega seach him oan.

“Have you heard the tale of the rabbit and the turtle?”

“No.”

Dus fertelde er.

Oer in knyn dat razendsnel wie en in skyldpod dy't tige stadich gie. Se holden in wedstriid. It knyn wist wis dat er winne soe, naam ûnderweis syn gemak en ferlear úteinlik fan de skyldpod dy't gewoan trochgie.

Arie harke.

Seach nei syn kollega.

Seach nei it magazyn dat ûnderwilens hielendal ferhuze en ynrjochte wie.

“So… you’re telling me to slow down?”

De kollega hoegde eins net mear te antwurdzjen.

In pear oeren earder hie er it al gearfette:

“Arie, you make us look bad.”

It wie freed.

It magazyn stie.
Alles stie op syn plak.
De skyldpod wie holpen.

En it knyn?

It knyn koe de fabel net.

It knyn wie gewoan oan it wurk.

En no wie it wykein.