Fan 'e moarn hearde ik op 'e radio in reklame.

Net hiel bewust. Gewoan sa’n stim dy't earne tusken it nijs, it ferkear en myn eigen gedachten troch de auto yn waait.

En doe hearde ik:

“In lekker kopke kamieletee.”

Oké.

Kamieletee.

Ik ried fierder.

Gjin fragen. Gjin fernuvering. Myn holle fûn it blykber folslein oannimlik dat wy ûnderwilens tee fan kamielen meitsje.

Miskien út Marokko.
Biologysk.
Fairtrade.
Mei in licht woastyneftich karakter en in neismaak fan dadel.

Wierskynlik €4,95 foar tweintich pûdsjes.

Ik seach it sels al foar my: in beige doaske mei it silhouet fan in kamiel by sinne-ûndergong.

Camel Tea – Taste the Desert.

Pas in pear kilometer fierder barde der wat yn myn holle.

Wachtsje ris.

Kamieletee?

Wêr makkest dat eins fan?

Fan de hierren?
Fan de molke?
Moat sa’n bist dêrfoar earst in skoft yn hjit wetter stean?

En foaral: wêrom hie ik hjir trije kilometer lang hielendal gjin beswier tsjin hân?

Doe foel it kwartsje.

Kamille.

Se sei kamilletee.

Fansels sei se kamilletee.

En sa ried ik fierder, wat opluchte mar ek in bytsje teloarsteld.

Want kamilletee kenne wy ûnderwilens wol.

Mar earne yn myn holle stiet sûnt fan 'e moarn in kamiel mei in teepûdsje om 'e hals nei my te sjen.

En ik wit hast wis wat er tinkt:

Do hiest ek gewoan dyn gehoarapparaten lûder sette kinnen.