Der binne getallen dy’t sa grut binne datst se hast net mear fielst. 200.000. It past moai yn in Excel-sel, in dashboard of in rapportaazje. Mar efter dat getal sit wat hiel oars.

Hast 200.000 learlingepakketten.

Hast 200.000 bern dy’t aanst harren skoaltas iepenje. De boeken op tafel lizze, harren namme deryn skriuwe en oan in nij haadstik begjinne. Guon fol entûsjasme, oaren mei sûne spanning. Guon foar it earst nei de middelbere skoalle, oaren yn harren eksamenjier.

Yn Makkum sjogge wy benammen pallets, rolkonteners, doazen, scanners en rinnende bânen. Wy sjogge produksje-oantallen, deadlines en frachtweinen dy’t oan en ôf ride. Mar sa no en dan is it goed om efkes út te zoomen.

Want elk pakket dat fan de bân rôlet, is foar ien learling.

Dat besef jout betsjutting oan it wurk. It giet net allinnich om logistyk. Net allinnich om planning. Net allinnich om hjoed de tsientûzen te heljen of moarn noch wat hurder te rinnen. It giet derom dat op de earste skoaldei in learling syn of har boeken gewoan op tafel lizzen hat.

Heal july kaam de produksje op gong. Yn mar in pear wiken feroare in magazyn yn in goed oalje masine dêr’t hûnderten minsken tegearre oan ien doel wurken. Soms mei lange dagen, soms mei ûnferwachte problemen, soms mei in flinke doasis ymprovisaasje. Mar altyd mei deselde opdracht: soargje dat elk pakket op it goede plak komt.

Dat slagget allinnich troch orderpikkers, ynpakkers, sjauffeurs, artikelbehearders, ICT, HR, planners, teamlieders, kwaliteitskontroleurs en alle fakânsjekrêften dy’t dizze simmer harren bydrage levere hawwe.

Hast 200.000 pakketten letter meie wy dêr wol efkes by stilstean.

Net omdat it wurk klear is, de neileveringen komme noch, mar omdat efter elk pakket in learling sit dy’t aanst oan in nij skoaljier begjinne kin.

En miskien is dat wol de moaiste planning dy’tst meitsje kinst.