Ik kaam him tsjin by de fiver.

Net echt fansels.

Christopher Langan wennet foar safier ik wit net yn de Vegilinbosken en de kâns dat in Amerikaan dy't bekendstiet as ien fan de tûkste minsken fan 'e wrâld op in willekeurige moarn myn fêste rûntsje rint, liket my sels binnen Kos oan 'e lytse kant.

Mar stel dat it bart.

Hy stie oan 'e wetterkant.

In grutte keardel. In bytsje ûnfersoarge. Net it type dêr'tst fan tinkst: dy sil my aanst wat fertelle oer de fûnemintele struktuer fan 'e werklikheid.

Rosco rûn nei him ta.

‘Nice dog.’

‘Dat wit er.’

De man lake en stiek syn hân út nei Rosco, dy't besleat dat dit blykber genôch antecedinteûndersyk wie en him aaie liet.

Dêrnei rûnen wy tafallich deselde kant út.

Hy spruts Ingelsk. Amerikaan. Ik frege net wat er hjir die. Hy frege net wêrom't ik op bleatefuotskuon troch in Fryske bosk rûn. Sa heart dat wat my oanbelanget. Do hoechst net fan eltse frjemdling fuortendaliks syn curriculum vitae te hawwen.

Nei in pear hûndert meter frege er wat ik foar wurk die.

‘Logistics.’

‘Interesting.’

Dat sizze minsken altyd ast logistyk seist.

Meastal bedoele se: gelokkich, dan hoech ik dêr fierder neat oer te freegjen.

Mar hy frege troch.

‘What kind?’

Ik fertelde wat oer boeken. Pakhuzen. Foarried. Dingen dy't op it goede momint op it goede plak wêze moatte.

‘So you organize systems.’

‘Sort of.’

‘Complex systems.’

‘Sometimes. Mostly people make them complex.’

Hy seach my oan.

‘That’s true of most systems.’

Dêr moast ik om laitsje.

Wy rûnen fierder.

By de bocht nei de oare kant fan 'e fiver begûn er ynienen oer werklikheid.

Net gewoan werklikheid lykas yn: it reint en myn skuon wurde wiet. Nee, Werklikheid mei in haadletter.

Neffens him koest it hielal net besjen as stiest der sels bûten. As alles wat bestiet ûnderdiel is fan it hielal, dan jildt dat ek foar dejinge dy't besiket it te begripen.

‘Of course,’ sei ik.

Hy seach fansiden.

‘Of course?’

‘Where else would I be?’

Hy wie efkes stil.

Blykber hie ik wat sein dêr't er mear efter socht as ik deryn stoppe hie.

Hy begûn út te lizzen.

Oer in hielal dat net allinnich himsels befettet, mar himsels op in bepaalde wize ek ferwurket. Oer logika. Taal. Bewustwêzen. Ynformaasje. Hy brûkte wurden dêr'tst neffens my op syn minst trije universiteiten en in reservebrein foar nedich hast.

Ik begriep sawat de helte.

Dat is meastal genôch.

‘So,’ sei ik nei in skoftke, ‘the universe is looking at itself through us?’

Hy hold hast op mei rinnen.

‘In a manner of speaking, yes.’

‘Handy.’

‘Handy?’

‘Otherwise it would never know what a nice morning this is.’

Hy seach nei de fiver.

It wie yndied in moaie moarn.

Dize hong leech boppe it wetter. Earne fierderop siet in spjocht syn eigen logistike probleem op te lossen. Rosco ferdwûn tusken de beammen en kaam tweintich sekonden letter werom as hie er persoanlik kontrolearre oft de bosk der noch stie.

De Amerikaan fertelde fierder.

Hy hie der in teory oer.

Sels in aardich grutte teory.

Alles hong mei alles gear. De werklikheid koe harsels konfigurearje. Bewustwêzen wie net samar in ûngelokje dat earne let yn 'e evolúsje ûntstien wie. Neffens him siet der wat folle fûneminteler efter.

‘God?’ frege ik.

Hy seach my oan.

‘Ultimately, yes.’

‘Ah.’

‘You don’t sound surprised.’

‘I’m Frisian. We don’t like wasting words.’

Dat levere wer in laits op.

Doe frege er wat ík tocht.

Dat wie dreger.

‘Kos,’ sei ik.

‘Cos?’

‘Kos.’

‘What does that mean?’

‘Gjin idee.’

No hold er echt op.

‘You have a word for something you can’t define?’

‘Yes.’

‘Why?’

‘Because if I could define it, it would probably be too small.’

Dêr koe er blykber wat mei.

Dus besocht ik it dochs.

Ik fertelde him dat Kos foar my net wat bûten de werklikheid wie. Gjin man op in wolk. Gjin formule. Gjin enerzjy dy'tst foar €49,95 yn 'e moanne fiele leare kinst by ien mei in linnen broek.

Mear it besef datst der middenyn sitst.

Dat watst dochst wat feroarsaket.

Dat wat dy oerkomt wer wat mei dy docht.

Datst tagelyk oarsaak en gefolch bist. Waarnimmer en dielnimmer.

‘A self-referential system,’ sei er.

‘Ast dat moaier fynst.’

Wy wiene ûnderwilens hast rûn.

Hy begûn opnij te fertellen. No oer yntelliginsje. Oer hoe min minsken neffens him echt neitochten. Oer logyske struktueren dy't oaren net seagen.

Ik hearde him oan.

De man wie sûnder twifel ferskriklik tûk.

Mar earne begûn wat oars my dwaande te hâlden.

‘Chris?’

‘Yes?’

‘Does all this make you a better person?’

It bleau stil.

Gjin ûngemaklike stilte.

Mear ien dy't efkes nedich wie.

Rosco stie fierderop nei ús te sjen.

‘That’s a different question,’ sei er úteinlik.

‘Exactly.’

Wy rûnen wer.

Hy frege wat neffens my dan wol in goed minske makke.

Dêr hie ik fansels ek gjin slutende teory foar.

‘Maybe that’s the point.’

‘What is?’

‘That you can’t calculate everything.’

Hy seach foar him út.

‘Intelligence matters.’

‘Of course.’

‘Understanding matters.’

‘Absolutely.’

‘Then what are you saying?’

Ik tocht efkes nei.

‘That understanding the universe and understanding the person walking next to you may be two different kinds of intelligence.’

Dêrnei hawwe wy in skoftke nearne oer praat.

Dat wie miskien wol it bêste part fan it petear.

By it paad nei it parkearplak bleaune wy stean.

Hy moast de oare kant út.

‘Interesting meeting you, Arie.’

‘Likewise, Chris.’

Hy stiek syn hân út.

‘Look up CTMU sometime.’

‘Is that you?’

Hy glimke.

‘Something like that.’

Doe rûn er fuort.

En dêr hie it einigje kinnen.

Ik hie nei hûs rinne, kofje sette en op myn telefoan opsykje kinnen wa't dy frjemde Amerikaan eins wie.

Christopher Langan.

In útsûnderlik IQ. Sifers dêr't myn âlde skoalmasters nei alle gedachten fuortdaliks ûntslach fan nommen hiene.

In teory oer it hielal.

Oer bewustwêzen.

Oer God.

Rosco soe ûnderwilens sliepen gien wêze as hie er it hiele petear al lang begrepen.

En nei alle gedachten hie ik myn telefoan úteinlik dellein en mar ien ding tocht:

Ferdomme.

Ik hie him noch freegje wollen oft er in bytsje lokkich wie.