“In skep is in skep en net oars.”
Dat sei pake altyd. Of miskien net. Guon útspraken binne sa wier dat se gjin eigner mear hawwe.
Wy hâlde fan dúdlikens. In hammer is in hammer. In tafel is in tafel. En in pijpautomaat… no ja, neam him dan ek mar gewoan sa.
Mar dan komst yn Fryslân.
Dêr wurdt it ynienen yngewikkeld.
Want in ein is in eend.
En it ein is it lêste.
Sa kin ien wurd twa ferhalen fertelle.
Dat fyn ik moai.
Want yn it libben blykt ek hiel faak dat wat wy foar it ein hâlde, efterôf gewoan in nije ein blykt te wêzen.
Nei Hyves kaam Facebook.
Nei Facebook kamen de algoritmen.
En miskien, hiel miskien, komt nei de algoritmen wer in plak dêr't minsken gewoan mei-inoar prate.
In kofjehûs.
In bankje yn it park.
Of wa wit… Sursirai.
Ek myn eigen ferhaal hie wol in pear einen.
In beroerte.
In baan dy't ophold.
In dream dy't feroare.
Mar eltse kear siet der earne in eend te kwaakjen.
“Trochgean.”
Miskien is dat wol de les.
In skep is in skep.
Mar in ein…
…is net altyd in ein.
🦆 Kwak.
